Rydbewiis kwyt nei blaastest

12 aug 2012 - 14:23
  • Hoareka

In automobilist (68) út Tsjummearum moast sneon syn rydbewiis ynleverje. Hy hie mei drank op tsjin twa parkearde auto's yn it doarp botst. In Harnzer (21) rekke sneintemoarn syn rydbewiis kwyt nei't er mei drank op te hurd yn in sintrum fan Harns ried.

In man (39) fan It Hearrenfean moast sneonteacht ek it rydbewiis ynleverje. Hy wie ridend sjoen wylst er in rydferbod fan 10 oeren krigen hie nei't de plysje him sliepend yn de auto oantroffen hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)