Rydbewiis Goutumer ynnaam

16 mrt 2012 - 18:57
  • Plysjemotor

De plysje hat freedtemoarn it rydbewiis fan in 44-jierrige man út Goutum ynnaam. De man foel op doe't er op de Archipelwei yn Ljouwert ried. Oare bestjoerders seagen de man riden en hiene de yndruk dat er ûnder ynfloed fan alkohol wie. Doe't de plysje de man even letter oanhâlde makke er in ferwarde yndruk.

De man is meinaam nei it buro, dêr't in bloedproef by him ôfnaam is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)