Rydbewiis fan Grinzer ôfpakt

04 nov 2013 - 10:58

De plysje hat sneintemoarn by in snelheidskontrôle op de A7 it rydbewiis fan in 45-jierrige man út de stêd Grins ynfoardere. De man ried mei 195 kilometer yn 'e oere tusken De Jouwer en It Hearrenfean.

Neist it ynfoarderjen fan syn rydbewiis makke de plysje ek proses-ferbaal tsjin de Grinzer op. De man mocht nei de oanhâlding net fierder ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)