Rydbewiis drankriders ynnaam

29 des 2012 - 09:53
  • Drank

De plysje hat freedtenacht it rydbewiis fan twa drankriders yn beslach naam. In 41-jierrige automobilist út Ljouwert waard yn Harns oanhâlden. De man foel op troch syn rydgedrach. Hy ried oer de rotonde yn de Almenumerwei rjochttroch en slingere oer de dyk. De man ried boppedat mei in lekke bân.

In 53-jierrige scooterrider út Snits waard yn de Douwe Hansmastrjitte fan de dyk helle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)