Rydbewiis drankriders ôfpakt

06 nov 2010 - 14:35

By alkoholkontrôles op ferskate plakken yn Fryslân binne fiif minsken it rydbewiis kwytrekke. In man (42) út Oerterp waard oanhâlden by Breesândyk nei't tsjûgen sjoen hiene dat de man al slingerjend en sûnder ljocht oer de Ofslútdyk ried.

In man (39) sûnder wenplak waard by De Jouwer oanhâlden. De man hie gjin jildich rydbewiis by him en koe him net identifisearje. Hy is fêstset om't er noch in straf útsitte moast en DNA ôfstean moast foar in oare saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)