Rydbewiis 5 jier op proef

27 nov 2001 - 00:00

Fryske rydskoallehâlders binne ferstuivere troch it nijs dat fan 1 jannewaris ôf in foarlopich rydbewiis fan krêft wurdt. Ferkearsminister Netelenbos wol minsken dy't slagge binne, earst nei 5 jier in definityf rydbewiis jaan. Te folle strafpunten betsjut opnij ôfride.

It sintraal buro foar rydbewizen kin de rydynstrukteurs noch net útlizze hoe't de regels yn 'e praktyk útwurkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)