'Ryd net troch read by brêge'

26 jul 2013 - 10:47
  • Ferkearsboerd

De gemeente Súdwest-Fryslân warskôget automobilisten net troch read te riden by in iepengeande brêge. Neffens de gemeente is dat yn de ôfrûne tiid in oantal kear bard en dat smyt gefaarlike situaasjes op. Sa kin de auto rekke wurde troch de slachbeammen of yn it slimste gefal kin sels de brêge al omheech gean.

Troch de drokte op it wetter giet de brêge yn de simmer faker omheech as oars. Neffens de gemeente moatte automobilisten dêr rekken mei hâlde en gewoan hohâlde foar read ljocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)