Ryckx op proef by Hearrenfean

24 jun 2011 - 09:27

De Belgyske Jelle Ryckx traint fan kommende moandei ôf mei by Sportklup Hearrenfean. De 19-jierrige linkerferdigener krijt twa wiken de kâns om in kontrakt te fertsjinjen.

Ryckx spile it ôfrûne jier foar de beloften fan RC Genk, de kampioen fan België. Ek is hy jeugdynternasjonal foar syn lân. SC Hearrenfean is noch op syk nei in linksback, om't Calvin Jong-A-Pin syn kontrakt net ferlinge woe by de klup.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)