RWS kapt 73 beammen

13 aug 2010 - 16:50
  • Rykswettersteat kapt 73 beammen

De Hendrik Algrawei tusken Ljouwert en Goutum is freedtenacht ticht foar ferkear. Rykswettersteat begjint acht oere jûns mei de kap fan 73 beammen. Om acht oere moarns moat it wurk klear wêze. Tusken de rotonde oan de Newtonleane en Goutum steane 214 beammen dy't yn minne steat ferkeare. Ferrotte tûken falle op de drokke dyk.

Lang wie der ûndúdlikheid oer de kap fan de beammen. No is yn oerlis mei de gemeente Ljouwert bepaald dat earst de 73 gefaarlikste beammen kapt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)