Rûzjende Ljouwerters oppakt

15 aug 2014 - 10:43

Twa Ljouwerters binne tongersdeitejûn op it Vrijheidsplein yn de haadstêd oppakt foar mishanneling en fernieling. De plysje waard oproppen foar in fjochtpartij. Op it plein kaam in 54-jierrige man nei de plysje ta mei de melding dat er mei in honkbalkneppel en pepperspray oanfallen wie. In 42-jierrige Ljouwerter is dêrfoar oppakt.

By de arrestaasje ferklearre de fertochte lykwols dat it slachtoffer syn autorút fernield hie. Dêrop hat de plysje ek de 54-jierrige man oppakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)