Rûzje yn hoarekasaak yn Snits

26 jan 2014 - 15:57

Twa manlju binne sneintemoarn betiid yn Snits oppakt foar mishanneling. It giet om in 19-jierrige ynwenner fan Hasselt yn Oerisel en in 26-jierrige man út Snits. Beide manlju hiene yn in hoarekasaak spul krigen. Oer en wer waarden klappen útdield. Doe't de Snitser de saak útset waard, sloech er in portier.

De plysje hat beide manlju fêstset op it buro. Sy hawwe in hoarekaferbod krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)