Rûzje tusken Ingelsen en Ieren

08 jul 2013 - 15:39
  • Fytser oerfallen yn fytstunnel

De plysje hat moandeitemoarn twa mannen fan 18 en 30 jier út Ierlân oanhâlden op fertinking fan bedriging. In groep Ingelsen en in groep Ieren hiene op in camping yn Ousternijegea spul mei-inoar krigen. De campingeigner hie de plysje belle. Doe't dy oankaam hie de eigner de rûzje al delbêde. Moandeitemoarn betiid waard by de plysje op'e nij melding dien fan in rûzje tusken de beide groepen. Ferskate plysjes, ek út Flevolân, giene nei de camping. Ek doe wie de rûzje al dien.

De Ingelske gasten ferklearren wol oan de plysje dat se mei in fjoerwapen bedrige binne. De twa mannen binne hjirop oanhâlden. It fjoerwapen is net fûn. Beide groepen fakânsjegongers ha yntusken de camping ferlitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)