Rûzje om nij jeugdhonk Droegeham

22 maaie 2003 - 00:00

Buertbewenners yn Droegeham protestearje tsjin de mooglike komst fan in jeugdhonk neist it gymnastyklokaal yn it doarp. Tsien omwenners hawwe mei elkoar in beswierskrift yntsjine by it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen. Se binne benaud foar oerlêst.

It jeugdhonk moat op it plak komme dêr't oant ein ferline jier in pjutteboartersplak wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)