Rûzje om bou grutte kantoaren

08 feb 2001 - 18:36

Undernimmers litte Fryslân lizze, as inkeld mar grutte kantoaren yn Ljouwert boud wurde mei. Wethâlder Pultrum fan Smellingerlân is kritysk oer in krekt ferskynd rapport fan de provinsje.

Dêryn stiet dat It Hearrenfean, Drachten en Snits de kommende jierren in beheind oerflak oan kantoarromte kreëarje meie. Dat makket dat ûndernimmers kieze foar Grinslân en Oerisel, warskôget Pultrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)