Rûzje oer strippekaart

03 okt 2006 - 10:07

In jongeman (21) út Burgum is moandeitemiddei oanhâlden yn in streekbus op de Alde Kommsjewei yn Burgum. Hy wie wie lilk wurden op de sjauffeur (51) om de stimpels op de strippekaart en hy joech de sjauffeur klappen.

De bussjauffeur trape doe op de rem, de jongeman ferlear it lykwicht en foel tsjin it foarút fan 'e bus. Troch de klap bruts it rút. De plysje hat de Burgumer meinommen nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)