Rûzje oer oplevering akwadukt

23 aug 2007 - 17:04

Boubedriuw Strukton út Maarssen leveret it akwadukt by Wâldsein bewust te let op. Dat fynt de provinsje. Dy fertinkt it bedriuw derfan dat de hegere kosten dêr de oarsaak fan binne.

It akwadukt is djoerder wurden as de fjouwer miljoen euro dêr't yn it foar op rekkene wie. De fraach is no wa't de ekstra kosten betelje moat. De provinsje wol wol mear betelje, mar dat is Strukton noch net nei it sin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)