Rúzje lokale omroppen

10 jun 2011 - 12:16

De lokale omroppen yn fúzjegemeente Súdwest-Fryslân lizze noch altyd mei elkoar yn de klinsj. De rúzje tusken Radio Markant en SWF Lokaal is sa heech oprûn dat se net iens mear mei elkoar prate wolle. En dat wylst de omroppen ta elkoar feroardield binne.

Der mei fan de wet mar ien lokale omrop yn de nije gemeente wêze en bestjoerlik sjoen binne dat der noch altyd twa. In lêste bemiddeling fan de Lanlike Feriening fan Lokale Omroppen is op neat útrûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)