Rûzje einiget op plysjeburo

10 apr 2014 - 10:04

Twa jonges fan 15 en 17 jier út Drachten binne woansdeitemiddei troch de plysje oanhâlden nei in fjochtpartij. Dit barde oan de Ureterpvallaat yn Drachten. De twa hiene rûzje krigen en sloegen mekoar. Der soe ek troch ien fan de twa mei in meske drige wêze. De jonges ha oanjefte dien tsjin mekoar en binne beide troch de plysje heard. It meske is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)