Rûzje Drachten om lûdsoerlêst

06 nov 2008 - 10:35

De plysje hat woansdeitenacht de hannen fol hân oan in rûzje tusken buorlju oan de Meerkoetstrjitte yn Drachten. De oanlieding wie lûdsoerlêst. De plysje waard ynskeakele, mar doe wie by ien fan de partijen al in rút sneuvele.

De plysje hat besocht de boel del te bêdzjen, mar letter wie der wer lûdsoerlêst. De plysje hat in 34-jierrige man meinommen nei it buro, mar wylst hy dêr fêsthâlden waard, hat de oare buorman by him ynbrutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)