Rûzingen skea troch tongblier

29 maaie 2001 - 00:00

Greidboeren yn Nederlân binne 164 miljoen gûne misrûn troch it útbrekken fan it tongblierfirus. Dat is in rûzing fan it lânbou-ekonomysk ynstitút, it LEI.

Ferline wike kaam it sintraalplan buro (CPB) mei in skatting dat de ekonomyske skea foar it hiele lân 2,8 miljard gûne wie. Dêrfan is 1,2 miljard fan de lânbou en 1,1 miljard fan de leveransiers. In heal miljard is fan oare sektoaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)