Rûzige ynformaasjejûn oer gaswinning yn Toppenhuzen

03 des 2015 - 23:16

De twadde ynformaasjejûn oer de gaswinning by Toppenhuzen, tongersdeitejûn yn It Harspit, is rûzich ferrûn. De wurdfierder fan Vermilion waard geregeld ûnderbrutsen en twa omwenners ferlieten út ûnfrede al gau de seal.

Vermilion seit dat de grûn by Toppenhuzen net fierder sakje sil as twa sintimeter. Ek soe de kâns op ierdbevingen ferwaarleasber wêze. In tal oanwêzigen leaude dat net. Sy ferwize nei Grinslân, dêr't de NAM earst ek sei dat de boaiemdelgong tafalle soe en de kâns op ierdbevings lyts wie.

Nulmjitting 

Vermilion hat wol tasein dat der wat har oanbelanget in nulmjitting komme kin, om te sjen hoe't de huzen yn it doarp der no bysteane. Eventuele skea is dan letter makliker oan te toanen. Vermilion wol dat de kommisje boaiemdelgong Fryslân dy nulmjitting docht. Vermillon is dêr lykwols no noch net by oansletten. Dat soe earst regele wurde moatte om de nulmjitting trochgean te litten.

10 oant 15 jier

Yn it fjild by Toppenhuzen wol Vermilion 500 miljoen kúb gas winne, oer in perioade fan 10 oant 15 jier. De gasput dêrfoar is al yn de jierren '70 oanlein. Der moat noch al in ynstallaasje boud wurde. De fergunning foar it winnen fan gas soe begjin takom jier los komme moatte.

Wethâlder Akkerman

Wethâlder Gea Akkerman fan de gemeente Súdwest Fryslân wie ek op de jûn oanwêzich. Sy sei dat de gemeente der alles oan dwaan sil om de gaswinning te kearen, mar se sei ek dat it foech foar de gaswinning by de Ryksoerheid leit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)