Rutte: ûntslach ID-er's ûnnedich

14 jan 2003 - 00:00

Minsken mei in ID- of WIW-baan hoege net dien te krijen. Dat sei demisjonêr steatssekretaris Rutte moandei op in debat yn Drachten. De Haachske politikus seit dat der fan 1 jannewaris ôf jild is om fan Melkertbanen gewoane banen te meitsjen. It giet dan om 10.000 arbeidsplakken.

De Melkertbanen wurde subsidiearre en it Ryk wol dêrop besunigje. Yn Ljouwert stiet in grut tal fan sokke banen faai. Sa krije in soad stedswachten dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)