Rutte rint mei brosj út Harns

28 apr 2011 - 12:57
  • Saakje Visser

De 26-jierrige Saakje Visser, hikke en tein yn Harns, hat foar de nasjonale fiering fan befrijingsdei in brosj ûntwurpen dy't op 5 maaie droegen wurdt troch premier Mark Rutte.

Saakje Visser wennet en wurket yn Arnhim en earder dit jier krige se fan de provinsje Gelderlân de opdracht om wat moais te meitsjen foar befrijingsdei. Yn Gelderlân is de start fan de nasjonale fiering fan befrijingsdei. De Harlinger Aardewerk- en Tegelfabriek hat de brosjes makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)