Rutte: Fryske lobby kin better

22 sep 2008 - 14:43

Fryslân moat syn lobby yn Den Haach better organisearje. Dat sei VVD-lieder Mark Rutte moandei op de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert. Om sterker te stean yn Den Haach soene partijen ûnderling mear gearwurkje moatte. Allinnich meiïnoar kinne je in fûst meitsje, sa seit Rutte.

Rutte joech in gastkolleezje foar studinten fan de hotelskoalle en lunsjte mei Ljouwerter ûndernimmers. Letter wie hy te gast yn Harns en op in VVD-gearkomste yn Wolvegea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)