'Rutte: Friezen, wês grutsker'

06 nov 2013 - 17:01
  • Mark Rutte op besite yn Fryslân

Fryslân mei bêst wol wat grutsker wêze op de inisjativen dy't hjir ûntsteane út de gearwurking tusken ûnderwiis, bedriuwslibben en de oerheid. Dat sei Mark Rutte woansdei nei ôfrin fan syn wurkbesite oan de provinsje. De minister-presidint seach by ferskate bedriuwen op It Hearrenfean en yn Ljouwert en wie ûnder de yndruk fan de ynnovative ideeën op it mêd fan wetter, lânbou en distribúsje.

Mar neffens him binne Friezen noch te beskieden as it giet om de presintaasje fan dizze projekten nei de rest fan it lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)