Rútsmiter troch plysje oppakt

16 nov 2013 - 11:12
  • Plysje-embleem

De plysje hat freedtemiddei yn in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân in frou fan 20 oanhâlden. Sy wurdt der fan fertocht dat se in rút ynsmiten hat. De frou hie spul mei de bewenster fan it hús en sloech it rút fan de foardoar yn. It slachtoffer belle fuortendaliks 112, de plysje koe de frou dêrnei oanhâlde.

It spul tusken de froulju lei yn de relasjonele sfear, it 58-jierrige slachtoffer hat oanjefte dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)