Rutmer vd Meer wint yn Dokkum

31 jul 2010 - 17:14
  • Rutmer van der Meer (foto: Henk Bootsma)

It partoer fan Rutmer van der Meer, Renze Pieter Hiemstra en Folkert van der Wei hat sneon de frije formaasjepartij fan it haadklassekeatsen yn Dokkum wûn. Yn de finale fersloegen se de favoriten Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger mei 5-3 en 6-6.

Yn de heale finale hiene de lettere winners mei muoite wûn fan Hendrik Tolsma, Herman Sprik en Johannes Boersma. It waard yn dy partij 5-5 en 6-2 foar Tolsma, mar de winst kaam net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)