Ruten ynsmiten yn Ljouwert

07 mrt 2009 - 13:54

De plysje hat freedtejûn op de Kingmastate yn Ljouwert twa Ljouwerter jonges fan 16 en 17 jier oanholden. Se hiene by in hûs twa ruten ynsmiten. De eigner gong achter de jonges oan. Ien fan har krige er te pakken en doe kamen de oare beide werom.

Ien fan har hie in flesse en besocht de man dêrmei te slaan. Der ûntstie in wrakseling en dêrby sneuvele de bril fan de man. De trije jonges wisten doe te ûntkommen, mar de plysje koe letter twa fan de trije oanhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)