Ruten winkel Tynjedyk ynsmiten

29 okt 2013 - 12:25

De plysje hat ôfrûne yn de nacht fan moandei op tiisdei in man oppakt dy't ferskate ruten fan in supermerk oan de Tynjedyk yn Ljouwert ynsmiten hie. Tsjûgen seagen de man en warskôgen de plysje. Dy hat de 22-jierrige man út Ingwierrum flakby de supermerk oanhâlden. Bliken die dat de man ek noch ynbrutsen hie yn in bestelbus oan de Tynjedyk. Dêr hie er in tas út stellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)