Ruten nijbouwenten skansearre

21 jul 2012 - 16:26

Yn Surhústerfean binne troch ûnbekenden ruten fan in grut tal nijbouwwenningen skansearre. It giet om tolve nije wenningen dy't boud binne oan de Vierhuisterweg.

De ruten fan de wenningen binne mei in skerp foarwerp bekrast. Ek is it rút fan it kantoar fan de oannimmer stikken makke. Hy hat oanjefte dien by de plysje. De skea fan de fernielings rint mooglik yn de tûzenen euro's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)