Rûte foar elektryske boaten

16 jan 2014 - 17:23

As Deputearre Steaten it ljocht op grien sette, begjint noch foar dizze simmer de oanlis fan in hiele nije farrûte, dy't allinnich foar elektryske boaten bedoeld is. De bedoeling is dat dy yn de omjouwing fan Heech en Aldegea komt. De rûte rint fan Heech oer de Idzegeasterpoel troch Idzegea nei it Ringwiel en troch de Sânmar nei De Gaastmar en werom nei Heech.

Der wurdt ek noch sjoen nei in rûte fan Aldegea nei Westhim en ien yn it Bûtenfjild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)