Rút fan wenhûs Dokkum ynsmiten

08 jun 2014 - 10:57
  • Plysje

Oan de Oostersingel yn Dokkum is sneontejûn in rút ynsmiten troch trije minsken yn in auto dy't foarbyried. Tsjûgen seagen dat se bierfleskes nei it hûs goaiden en dat it rút sneuvele. Se joegen it kenteken fan de auto troch oan de plysje. Dy seach de auto letter op de Markt yn Dokkum stean. De eigener fan de auto stie yn de buert. Nei ûndersyk die bliken dat in oare man mei de fleskes smiten hie. Dizze 25-jierrige man út Damwâld is meinommen nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)