Rút bus Twentefans yngoaid

05 okt 2013 - 11:44
  • SC Cambuur

Foar de wedstriid tusken SC Cambuur en FC Twente is freedtejûn in rút fan de supportersbus fan Twente ynsmiten. It giet mar om in lyts ynsidint. De dieder hat de skea sels mei de bussjauffeur ôfhannele.

De plysje hoegde der net by te kommen en wyt ek net wa't de dieder is. Ofsjoen fan it iene ynsmiten rút is de wedstriid fierder rêstich ferrûn, sa meldt de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)