Rút auto ynsmiten yn S'fean

12 aug 2009 - 09:51

Yn Surhústerfean is tiisdeitenacht it rút fan in Peugeot dy't oan de Vossepol parkeard stie fernield mei in bakstien. Om healwei twaen hinne hearde in tsjûge in famke tsjin twa jongens sizzen 'dat doarst net'. Fuort dêrnei wie yn de strjitte in hurde klap en gerinkel fan glês te hearren.

De plysje tinkt dat de trije jongeren dêrnei fuortfytst binne. Der is noch nei de fandalen socht, mar sûnder resultaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)