Rút Achmeatoer sneon ferfongen

16 okt 2003 - 00:00

It stikkene rút op de heechste ferdjipping fan de Ljouwerter Achmeatoer, it panoramadek, wurdt sneontemoarn betiid ferfongen. Begjin augustus knapte it rút. Dat soe komme troch in konstruksjeflater.

It panoramadek hat sûnt dat momint ôfsletten west foar publyk. In 114 meter hege kraan is nedich om it rút te ferfangen. Om dy rûmte te jaan, wurdt freedtemiddei en sneontemoarn de Lange Marktstrjitte ôfsletten foar it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)