Rust taaste galerij oan

01 jun 2011 - 22:47

Rust is de oarsaak fan it ynstoarten fan in part fan de galerij fan de Antillenflat yn Ljouwert. Dat docht bliken út technysk ûndersyk troch it bedriuw Econstruct. De wapening fan de galerij op de fiifde etaazje is oer de hiele breedte oantaast. De galerij kaam troch it eigen gewicht nei ûnderen.

De oarsaak wurdt noch ûndersocht. Dit ûndersyk duorret sa'n trije moanne. De bewenners kinne yn de tuskentiid net nei harren hûs werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)