Russyske trijemêster yn Harns

08 nov 2010 - 22:46
  • De Shtandart op folle see

Yn Harns wurdt tiisdei offisjeel it startskot jûn foar de organisaasje fan de Tall-ships-race yn 2014. Dat bart mei help fan de Russyske trijemêster Shtandart. De 40 meter lange replika fan in skip út de tiid fan tsaar Peter de Grutte is nachts yn Harns oankommen.

Learlingen fan de Maritime Akademy mochten meifarre fan Enkhuzen nei Harns. Moandeitejûn om healwei njoggenen lei it skip yn de slûzen fan Koarnwertersân. Dêr moast it wachtsje op heech wetter om nei Harns te farren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)