Russyske skipper dea fûn

05 jun 2006 - 14:02

In bemanningslid fan in Russysk frachtskip is sneintemiddei dea út it wetter helle op de Noardsee. Hy wie oan 'e ein fan de moarn troch noch ûnbekende oarsaak oer board slein. Dat barde op likernôch tritich kilometer fan Texel.

Trije rêdingsboaten en in helikopter waarden ynset om de man te rêden. It lichem is oerbrocht nei Flylân. De Nederlânske plysje stelt in ûndersyk yn nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)