Russyske kuorballers te gast

02 jun 2014 - 10:00

In groep fan hast 40 jonge kuorballers út it Russyske Orjol is fan 'e wike te gast yn Ljouwert. Dêr stride se mei Fryske bern om de Tuttelkup. Dat bart alle jierren, it iene jier yn Orjol, it jier dêrop yn Fryslân. It is de alfde kear dat de Russyske jeugd yn Ljouwert is.

Yn it ramt fan de stêdebân tusken Ljouwert en Orjol waard it kuorbal yn 1991 yntrodusearre yn Ruslân. De offisjele stêdebân bestiet al lang net mear, mar de jierlikse kuorbalútwiksel is bleaun.

De kup is neamd nei it Hearrenfeanster trainersechtpear Henk en Wiepie Tuttel. Sy reizgen yn de jierren '90 ferskate kearen mei kuorren en ballen nei Orjol om de bern en leararen dêr de basis fan it kuorbal by te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)