Russyske Krystmerk mei trochgean

05 des 2006 - 10:52

De Russyske krystmerk yn de teatertún yn Riis kin gewoan trochgean. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert tiisdei útsprutsen. Buorlju fan de teatertún hiene in saak oanspand tsjin de gemeente Gaasterlân-Sleat, omdat se oerlêst hawwe soene fan de merk.

De buorlju befjochtsje hast alle eveneminten yn de tún by de rjochter. Eigner Bart van der Wal fan de teatertún is bliid dat de merk fan 't wykein trochgean kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)