Russyske Krystmerk foar rjochter

04 des 2006 - 13:07

Foar de rjochtbank yn Ljouwert tsjinne moandei in koart pleit oer de Russyske Krystmerk yn de Teatertún yn Riis. Omwenners fine dat de merk foar oerlêst soarget en dat detailhannel net yn it bestimmingsplan past. De gemeente Gaasterlân-Sleat seit gjin klachten krige te hawwen.

De útspraak is tiisdei. Dan is ek de útspraak fan de Raad fan State. De gemeente wol fan de provinsje witte wat krekt yn it bestimmingsplan past.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)