Russysk kontrakt The Friesian

10 okt 2013 - 20:43
  • Kij yn de stâl (stockfoto)

Agro konsultansybedriuw The Friesian út Ljouwert hat tongersdei yn Moskou in oerienkomst tekene foar kennisútwikseling mei de Russyske oblast (=provinsje) Tomsk. Doel is de ûntwikkeling yn de suvelsektor yn it Siberyske gebiet te stimulearjen troch boeren better op te lieden. Dêrfoar binne seis projekten opset, wêrûnder in akademyske suveloplieding yn gearwurking mei Wageningen Universiteit.

Der sille ek trainingssintra en demonstraasjebedriuwen komme, dêr't de nijste ynnovaasjes op it mêd fan suvel yn presintearre wurde.

It tekenjen fan de oerienkomst is opmerklik sjoen de minne diplomatike sitewaasje op dit stuit tusken Ruslân en Nederlân. Troch de diplomatike spannings waard it tekenjen fan it kontrakt in dei opskood.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)