De plysje hat tiisdei twa Russen oanhâlden op fertinking fan stellerij út in supermerk. Personiel fan 'e winkel hie sjoen dat trije minsken in grutte partij kosmetika besocht te stellen. It trio naaide rap út yn in auto.
Op Burgernet waard in sykaksje start, in surveillearjende agint seach de auto op de Spanjaardsleane. Dêr waarden twa manlju fan 29 en 34 jier oanhâlden. De tredde wie fuort.
Yn de auto fûn de plysje in tas fol shampoo en toskboarstels. Ek soene de Russen ferline wike yn deselde supermerk har slach slein hawwe.
Dat waard dúdlik út bylden fan bewakingskamera's. De twa Russen sitte fêst.
|
Ferwûnen by motorûngelok
20 mei 2012 - 13:26 |
|
'Moardner Marianne is bekende'
21 mei 2012 - 00:11 |
|
Fytserke (13) slim ferwûne
21 mei 2012 - 08:04 |
|
Pealsitten yn Marsum is dien
20 mei 2012 - 11:41 |
|
Foto's dossier Vaatstra op tv
19 mei 2012 - 15:17 |