Rusnák komt nei SC Cambuur

25 jul 2014 - 17:18

Middenfjilder Albert Rusnák komt nei SC Cambuur. De Ljouwerter earedivisionist hiert de 20-jierrige Slowaak foar in healjier fan Manchester City út Ingelân. Rusnák wie earder yn de tarieding op it nije seizoen al op proef yn Ljouwert. Hy makke dêryn in goeie yndruk.

Rusnák waard earder troch Manchester City ferhierd oan Oldham Atletic en Birmingham City. Technysk manager Marcel Keizer fan SC Cambuur is wiis mei de nije oanwinst en slút net út dat Cambuur de Slowaakske middenfjilder langer hiere kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)