Ruslân wegeret Fryske jirpels

04 jul 2013 - 12:09
  • jirpels

De Fryske bouboeren driigje de dupe te wurden fan in Russyske blokkade. Der meie fan 1 july ôf gjin jirpels en plantmateriaal mear nei Ruslân eksporteard wurde. Neffens de Russen sitte der skealike organismen by ús yn de grûn. It giet om in blokkade foar hiel Europa. Neffes Gerard Backx, direkteur fan de HZPC, is der sprake fan in hannelskonflikt en mankearret der neat oan de grûn. Ruslân besiket om fia in blokkade syn sin te krijen. Nederlân eksportearret 15.000 ton jirpels per jier nei Ruslân

As Brussel der net yn slagget om de problemen binnen in healjier op te lossen, dan sille de boeren yn 2014 in pear prosint fan har ynkommen misse moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)