Ruslân: net stinne, mar hinne

18 okt 2013 - 10:06
  • In moaie opkomst op de Ruslânjûn fan Metaalunie en Friese Exportklup

In byienkomst oer sakedwaan mei Ruslân fan Metaalunie en de Friese Exportclub luts tongersdei sa'n 60 ûndernimmers nei it WTC Expo. Yn Ruslân lizze kânsen, fine de ûndernimmers. Je moatte wol ynvestearje yn goeie persoanlike kontakten en saaklike ôfspraken omsette yn in kontrakt. Nota's stjoere hat gjin doel, ek de betelling fan tsjinsten of guod moat regele wurde yn in kontrakt, dat foarsjoen is fan de nedige stimpels.

De sakelju fine dat Kening Willem-Alexanders wol nei Ruslân gean moat yn novimber om de relaasje te ferbetterjen.

De ûndernimmers ferwachtsje dat it saken dwaan mei Russyske bedriuwen net al te folle te lijen hawwe sil fan de ynsidinten fan de ôfrûne tiid. It regeljen fan formele saken mei de Russyske oerheid kin wol dreger wurde as de relaasje Nederlân-Ruslân net goed is. It kin dan bygelyks langer duorje om in fisum of in oar dokumint te krijen. It Fryske bedriuw The Friesian fernaam dat koartlyn by it ôfsluten fan in kontrakt mei de regio Tomsk. De gûverneur fan dy regio stelt it ûndertekenjen fan it kontrakt út fanwege it 'gedoch' tusken Ruslân en Nederlân.

Foar de measte sakelju jildt dat polityk en homoseksualiteit gjin ûnderwerp fan petear is by kontakten mei Russyske sakepartners. Homoseksualiteit bestiet wol, mar wurdt beskôge as in privee-oangelegenheid, dêr't je net yn it iepenbier oer prate. Fierder moatte je Russen nea de yndruk jaan dat je harren wol even fertelle sille hoe't de saken regele wurde moatte yn harren lân. Russen binne grutsk en kinne dan goed lulk wurde, seit Carlijn Ubbens, in Nederlânske tolk út Moskou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)