Rus beset ferkiezingsboerd

15 feb 2011 - 15:06
  • It steateferkiezingsboerd oan 'e Stasjonswei

'De Rus Hier achter' stiet op it ferkiezingsboerd foar Ljouwerter kafee De Rus. Eigner Arjen Rusticus liet der apart in flagge foar printsje. Hy is net wiis mei de twa buorden pal foar syn kafee oan 'e Stasjonswei. Neffens him sjogge de minsken it kafee sa net mear, ek de gasten yn 'e kroech hawwe der lêst fan.

Neffens de kafeebaas stiene de buorden eartiids oan 'e oare kant fan de dyk en net foar it kafee. De gemeente hat it doek al in kear ferwiderje litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)