Rûpepleach yn de dunen

12 maaie 2011 - 15:24

Steatsboskbehear warskôget foar rûpen yn de dunen op 'e Waadeilannen. Kuierders kinne jokte krije fan de bastaard-satynrûp. Dy sitte wol gauris mei nêsten yn de dunen. Mar dit jier liket de oerlêst fan dy rûpen grutter as oare jierren. Dat komt nei alle gedachten troch twa reedlik droege en kâlde winters.

De flinters dy't dêrfan útkomme, binne net hiel spesjaal. Fûgels ite de rûpen wol. Dy hawwe der wol foardiel fan dat der sa folle binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)