Rûnwei Snits wer iepen

21 okt 2007 - 16:55
  • De lêste wurksumheden op sneintemiddei
  • De rûnwei is no wer iepensteld

It ferkear kin fan snein ôf wer oer de rûnwei fan Snits ride. It wurk oan de Geeuwbrêge by de ôfslach Drylts is nei in goede wike klear. In part fan de rûnwei lei derút yn de hjerstfakânsje.

De ôfsluting soarge foar lange files op en om Snits hinne. It like der dizze wike op dat de rûnwei net op tiid klear wêze soe. Under oare min waar en in kantele frachtwein smieten it skema yn de war. It wie opmerklik dat sneintemiddei de dyk wer iepengie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)