Rûnwei om Menaam hinne

11 nov 2002 - 00:00

Der moat in rûnwei komme om Menaam hinne. Dat is de CDA-fraksje yn de gemeenteried fan betinken. De wei soe oan de westkant fan it doarp komme moatte.

Meikoarten wurdt oan de súdkant fan it doarp in nije wenwyk boud. Oan de noardkant wurdt in bedriuweterrein oanlein. Al it ferkear moat dwers troch it doarp. It CDA tinkt dat soks in probleem wurdt. In ûndersyk moat dúdlik meitsje wat de kosten binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)